Monday, September 12, 2011

Frisians

It foar ús fertroude plaatsje; swartwite bisten yn in griene greide is ek yn oare parten fan de wrâld sûnt healweis de njoggentjinde ieu in fertroud byld. De ko dan, want oer in soppige griene greide beskikke se net oeral. Fan 1600 ôf, reizgen Hollânske skepen de wrâld oer. Kij gongen mei, want de reis wie lang dat der wie in soad iten en drinken nedich. Mei harren lekkere en streksume molke en fleis wienen de swartwite Holsteiners populêr by de keapfarders. Yn Amearika rûnen al gau tûzenen stiks swart-wyt fee, mar ek yn de woastyn bliken kij te kinne oerlibjen.

Rûn 1978 wie myn Pake ien fan de earste Fryske boeren dy’t fee ferhannele nei plakken op de wrâld dêr’t er sels noait hinne reizgje soe. ‘Dan kamen op de buorkerij in pear fan dy mannen mei read-wyt blokte sjalen om’e holle. Se namen in tolk mei en hienen in soad ferstân fan fee. Ut in greide fol jongfee sochten se sa in stik of tsien út dy’t se kochten.’ Goeie bisten, mei de júste papieren en ynintings wurden fan út de Tynje ferskeept nei Iran en Irak. In moaie tiid en it brocht in soad op, kin ús Beppe har der noch fan heuge.



No sjocht se bylden fan dy lannen op de televyzje. Kij wurde noait filme, mar dochs tinkt se noch wol ris werom oan harren bisten fan wa’t it nijteam no yn oarlochsgebied wennet. Fansels binne der bisten dy’t it, wat lân oanbelanget, better troffen ha. Yn Austraalje seach ik se ek oeral, se sjogge net mear op of om fan in kangoeroe yn harren kilometers grutte greides. Harren heimat binne se al lang ferjitten, mar de Ozzies neame de bisten, ûntank de echte namme, noch altyd Frisians.

Yn gesprek mei in pear Australyske mannen, wêrûnder in boer, komt de rûnom priizge meartaligens fan de Nederlanders te praat. De mannen fine it fantastysk dat we sa goed Ingels sprekke; we begripe ommers alles wat se sizze! We neame op hokker talen we noch mear sprekke. Frisian neame we ek hurd en gau, der fan út geande dat dizze mannen net witte wat foar taaltsje dat is. Untank ús respektabele talenknobbel (Frânsk, Dútsk, Ingels, bytsje Italiaansk en Spaansk) bliuwe de mûlen iepen stean by Frisian. Fan de horsewhisperer ha se noch wol ris heard, mar minsken dy’t wier mei kij prate kinne, dy ha se noch net earder sjoen!

No comments: