Wednesday, December 6, 2006

Boekt!

Joehoe! De reis is boekt! We ha in retoerke, twa binnenlânse fluchten, trije hoteloernachtings, ien wike in auto en seis wiken in camper. Pff, wat in geregel! Dêrneist noch fersekerings, in ynternasjonaal rydbewiis, rinskuon, in paspoart, in creditcard, fisum en in weblog, mar no kin it leuke wurk begjinne!

Unrêstich prate we al oer hoefolle pear skuon we meinimme sille en hoefolle tassen. Serieuze saken dus! Welmoed begjint har dagen op de NHL al ôf te tellen. Hast wurd ik jaloersk, mar dan kom ik der achter dat ik mar twa wiken (=6 dagen) langer as har hoech te wurkjen. Op myn buro stiet fan hjoed ôf oan ek in lystje. Noch mar 11 krúskes te setten!

Monday, December 4, 2006

De plannen!

Noch oant jannewaris wurkje en dan gean ik lekker op reis!’, hear ik myn kollega hieltyd faker sizzen. Ik betraapje mysels der op dat ik hieltyd faker tink dat ik ek sa graach ophâlde wol mei myn saaie wurk by dit noch saaiere bedriuw en ek hearlik op reis wol. As kollega Welmoed foar de safolste kear mimeret oer sinne, see en strân, sis ik ‘ik wol ek’ en sy seit ‘doch mar’. Tsja, hiel serieus is it noch net, mar dochs beslút ik thús foarsichtich de plannen te opperjen. ‘Oh, fantastysk, altyd dwaan’, is Jakob syn al hiel net ferwachte reaksje. Hy wol my wol even fuort ha, leau ik…

In bytsje senuweftich oerweldigje ik Welmoed mei ‘en as ik no echt mei gean soe?’ Har earst reaksje is posityf, mar we beslute dat se der dochs noch mar even oer neitinke moat. In pear dagen letter seit se dat se it hartstikke leuk fynt om tegearre op reis te gean. Boppedat binne Heit en Mem bliid dat harren dochter net allinnich op paad giet. We prate in jûntsje gesellich oer ús winsken en easken. As blykt dat we hast itselde wolle, is it plan eins klear, mar ik twifelje dochs in bytsje. Moat ik dit wol dwaan? Myn kontrakt opsizze om twa moannen, sûnder Jakob, ôf te reizgjen nei de oare kant fan de wrâld?

It is, alwer, in saaie dei op kantoar dy’t my oerhellet. Ik bring Welmoed op’e hichte fan myn beslút en fertel it ek myn oare kollega’s. Hearlik, ik skriuw fuortendaliks myn ûntslachbrief. No kinne we plannen meitsje, de reis boeke en fansels jaloerskmeitsjende opmerkings meitsje oer de temperatuer yn Austraalje…