Monday, September 12, 2011

Deception Bay

By in reis troch Austraalje witst datst like min de earste as de leste bist dy’t deselde rûte ôfleit. Dochs kinst dy goed yntinke wat de earste Europeanen seagen, doe’t sy dit ûnbekende Zuidland ‘ûntdekten’. Net yn it lêste plak om’t Austraalje, foar Westerske begrippen, noch net sa lang lyn yn kaart brocht is. Om te witten wat Nederlânske plaknammen as Snits, Drylts of Frjentsjer betsjutte, moatst bulten skiednisboeken troch. De mannen dy’t ûnder leiding fan John McDouall Stuart yn 1862 foar it earst Terrae Australis Incognitae fan súd nei noard trochkrústen en yn kaart brochten, neamden wetterkes nei wat se op dat momint seagen. Sa is der in Saltwater creek, in Deadmans creek, Skull, Kangaroo, Crocodile, Blackmans, Breakfast en Gin creek. En as de fantasy op wie, mar de rivierkes net, mjitten se gewoan de ôfstân fan de ien nei de oar. Sa binne der ek hannen fol Three, Five en Twelve mile creeks.

Foar doarpen jildt itselde. Kinst yn Austraalje maklik reizgje fan it iene plak mei in nuvere namme nei it oare. De lânkaart is in lachertje. Wat te tinken fan Gympie, Chinchilla, Seventeenseventy of Potato Point? Wêr’tst yn Nederlân boppedat út de namme net opmeitsje kinst oft Katwijk aan Zee moaier is as Bergen aan Zee, hoechst ek dêr yn Austraalje noait lang oer nei te tinken. Surfers Paradise (dy foel noch ôf), Eden, Golden Beach, Hide Away Bay en Sandy Beach (hmm). As it tsjin siet, dienen de ûntdekkers dêr ek net sa muoilik oer: Deception en Disaster Bay.


Deception’ is noch mild formulearre foar hoe’t John McDouall Stuart him fielde. De regearing hie 10.000 pûn beskikber steld foar de earste dy’t Austraalje trochkruse soe. Wittenskippers fan oer de hiele wrâld wienen it mei inoar iens, san grut kontinint moast in binnensee ha. Stuart wie in trochsetter. Seis kear begong er oan de ekspedysje, fiif kear kaam er earder werom om’t er “vijandige Aboriginals” tsjin kaam. De sechsde kear berikte er nei in reis fan 2800 kilometer einliks de Yndyske Oseaan, mar sûnder ûnderweis in see, lit stean in mar sjoen te ha. Hy neamde de baai oan de oare side fan it lân Deception Bay.

No comments: